Cookie beleid Harkemase Boys

De website van Harkemase Boys is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Foarbeskôging Harkemase Boys - VVOG

Foarbeskôging Harkemase Boys - VVOG

26 mei 2023 13:30


Harkemase Boys is dus feilich en hoecht gjin neikompetysje te spyljen. Dit jildt noch net foar VVOG. Sy stean op dit stuit op in 15e plakje en dus yn ‘e gefaresône. As se moarn winne, dan moatte se hoopje dat RKAV Volendam lykspilet of wint om sa de neikompetysje te ûntrinnen. It is dus in tige wichtige wedstriid foar de ploech fan Jan Vlap, âld-trainer fan Harkemase Boys.

Ferline wike ferlear VVOG mei 1-4 op eigen fjild fan ACV Assen. Omdat GVVV ferlear tsjin Rijnvogels is de ploech út Assen kampioen wurden fan de Tredde Divyzje. De wedstriid dêrfoar waard ek ferlern mei dikke sifers tsjin Dovo, nammentlik 5-1. De wedstriden dêrfoar pakte VVOG yn fjouwer wedstriden mar leafst 10 punten, mei dêrtroch is it team út Harderwijk no fan
it lêste plak ôf en kinne se noch hoopje op liifsbehâld. Der waard wûn fan ASWH (2-1) ,Ter Leede (0-2) en Sporlust’46 (0-3).Tsjin Sparta Nijkerk waard mei 1-1 lykspile.
Topskoarder by VVOG is Jeremy de Graaf. Hy makke dit seizoen al 17 doelpunten. Nei dit seizoen sil dizze betûfte en soad skoarende oanfaller de oerstap meitsje nei syn âlde leafde ASV Dronten.
Yn de foarige moeting wûn Harkemase Boys muoisum. Yn de 23e minút krige Jhurrey Margaritha al in reade kaart. Hy joech syn tsjinstanner in triuw nei’t er sels in hurde tackel ynkasearre hie en mocht dûse. Berwout Beimers stie doe op foar Harkemase Boys en skoarde in prachtich doelpunt en dêrmei gonge Harkemase Boys mei in foarsprong it skoft yn. VVOG krige ek in reade kaart, yn de 77e minút. Topskoarder Jeremy de Graaf sloech Milan de Koe mei syn earmtakke en mocht it fjild ferlitte. Krekt foar de ein besljochte Joris Adams de striid troch de 0-2 te meitsjen.
Moarn de lêste wedstriid fan it seizoen. Wy winskje jo in spannende en foaral sportive wedstriid ta op Sportpark de Bosk!
⚽ Harkemase Boys - VVOG
⌚ 20 maaie, 14:30
📍 Sportpark de Bosk, de Harkema
🧏‍♂️ J. Kuipers
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!